Teaterkafee yn De Lawei

© Omrop Fryslân
Skouboarch De Lawei yn Drachten hat in teaterkafee iepene. Dêr kinne besikers nei in foarstelling noch in drankje drinke of wat ite. Der wiene al tsien jier plannen foar sa'n kafee. De gemeente Smellingerlân woe lykwols net meibetelje oan de ferbouwing fan de skouboarch. De ferbouwing fan 2 ton is troch de skouboarch sels betelle.
It teaterkafee is alle dagen iepen, ek foar minsken dy't net nei in foarstelling ta gean.