Jonges besykje beam om te hakken

01 jan 2007 - 16:10

Twa jonges út Drachten (19) binne Nijjiersmoarn oanhâlden troch de plysje. De plysje hie in melding krige dat ien besocht in beam om te seagjen. Dêr flakby trof de plysje in groepke jongeren oan njonken in beam. By de beam lei in grut kapmes en de beam wie al fierhinne stikkenmakke.

De eigner fan it mes koe fuortendaliks oppakt wurde. De oare fertochte is eefkes letter oanhâlden op oanwizing fan in tsjûge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)