Karbidsjitte yn Koarnjum

It karbidsjitten yn Koarnjum moat in jierliks weromkommende tradysje wurde. Der waard snein foar de twadde kear troch goed 20 dielnimmers omraak sketten by de garaazje fan Ketelapper.
Ferline jier wie it ek in sukses, dus fynt organisator Reitze_Ketelapper dat it no alle jierren mar plakfine moat. De winner fan de grutte wikselbeker diskear is Jan_Postma. Hy skeat it lid fan de molkbus 68 meter fuort.