FNP set yn op sân sitten

31 des 2006 - 17:29

De FNP set foar de kommende steateferkiezings fan maart yn op sân sitten. Dy hat de partij no ek, mar it tal steateleden moat werombrocht wurde. Der binne aanst yn maart gjin 55, mar noch mar 43 te ferdielen.

Wol de FNP syn sitten fêsthâlde, dan moat de partij in flinke winst helje. Yn in peiling fan NHL-studinten yn novimber fan ferline jier kaam de partij noch út op trije sitten. De fraksje skeat snein mei karbid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)