Mei fytsen smiten op It Fean

31 des 2006 - 14:41

In 20-jierrige man út Aldskoat is sneintemoarn oanholden troch de plysje op fertinking fan baldiedigens. Om healwei trijen nachts krige de plysje in melding dat de man him agressyf gedroech op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean.

Neffens tsjûgen hie er mei fytsen smiten. De plysje hat de fertochte op it plak sels oanholden en oerbrocht nei it buro. Hy hat in proses-ferbaal krigen en is wer frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)