Brân jeugdhonk Makkum

31 des 2006 - 08:42

Yn Makkum hat sneontejûn brân west yn jeugdhonk Us Stek. It fjoer waar ûntdutsen troch besikers fan it jeugdhonk. Sy ha sels mei brânblussers it fjoer útmakke, de brânwacht hat neidwêste en in pear isolaasjewanden fuorthelle. Der is in soad wetter- en reekskea. Nimmen rekke ferwûne.

De brân is nei alle gedachten ûntstien troch in fakkel dy't net goed útmakke wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)