Nij kuiernetwurk op Skylge

Bosk Skylge © ANP XTRA
Der komt in kuiernetwurk op Skylge. Dêrtroch wurdt it makliker om langere ôfstannen op it eilân te rinnen. De moaiste paden wurde yn it netwurk opnommen en kuierders kinne dan sels bepale hoe't se fan it iene nei it oare punt rinne. Op in pear punten komme ynformaasjebuorden. It inisjatyf komt fan Steatsboskbehear. Dy organisaasjes hat no al pealtsjesrûtes yn de bosk. Dy bliuwe gewoan bestean.
Neffens steatsboskbehear is der hieltyd mear ferlet fan langere rûtes. De stichting Sporen in het Zand helpt by it opsetten fan it kuiernetwurk.
De provinsje jout 12.000 euro út de pot foar plattelânsprojekten. It kuiernetwurk moat yn de maitiid fan 2013 klear wêze.