Fin wint Aldjiersrin Marrum

Yn Marrum is sneon foar de 30e kear de Aldjiersrin hâlden. Yn 1977 wie de earste edysje. Sneon ha der 348 rinners meidien. Der koene ôfstannen fan 5, 10 en 21 rûn wurde.
Ek kaam de jeugd fan Marrum noch yn aksje foar it goede doel: 'Spieren foar spieren'. Dat brocht 325 euro op. Mikko Tyni, in Finske dielnimmer, wûn de heale maraton by de manlju. Mariska Kramer fan Drachten wie de bêste by de froulju.