Eelke v.d. Wal wol nei Beijing

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Eelke van der Wal wol syn karriêre ferlizze fan it hurdfytsen op de dyk nei it baanhurdfytsen. Syn doel is om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen yn Beijing yn 2008. Van der Wal komt oarspronklik fan Holwert, mar wennet no yn Amsterdam.
De ôfrûne moannen hat Van der Wal him al talein op it baanhurdfytsen. Hy waard freed yn Alkmaar twadde op it ûnderdiel yndividuele efterfolging by it NK hurdfytsen op de baan.