Ljochtbal werom yn de Haule

© Omrop Fryslân
De âldjiersploech fan de Haule hat freed syn selsmakke ljochtbal weromhelle út De Fochtel. De ploech fan de Haule hie de bal yn it doarp ophongen om it wat gesellicher te meitsjen. Tongersdei wie de bal samar fuort. Al gau die bliken dat de bal yn de Fochtel hong.
Freedtejûn ha ynwenners fan de Haule mei in soad leven de ljochtbal werombrocht nei harren doarp.