'Oare funksje-eask trou-amtners'

30 des 2006 - 10:38

De gemeente Dantumadiel siket fjouwer nije amtners fan de boargerlike stân en stelt as eask dat de nije amtners ek homo-houliken slute moatte. De fraksje fan de ChristenUnie yn Dantumadiel fynt dat dit net kin, omdat dêrtroch minsken útsluten wurde foar dizze funksje.

De partij stelt boppedat dat de eask yn striid is mei in útspraak fan de Commissie Gelijke Behandeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)