Stroetinga wint scratch op NK
Hurdfytser Wim Stroetinga is freed yn Alkmaar Nederlânsk Kampioen wurden op it ûnderdiel scratch fan it baanhurdfytsen. Scratch is in wedstriid oer 15 kilometer.
Yn de finale fersloech Stroetinga de hurdfytsers Hans Dekkers en Dennis Smit. Stroetinga wie de ôfrûne twa jier ek al Nederlânsk Kampioen op dit ûnderdiel.