Befeiligers by Arriva yn tsjinst

29 des 2006 - 17:13

Arriva brûkt foar guon trajekten befeiligers om de meiwurkers better te beskermjen tsjin agressive reizgers. Dêrneist hat de ferfierder it ôfrûne jier twa befeiligingsynspekteurs yn tsjinst nommen.

Arriva hat dat dien nei in besite fan de Arbeidsynspeksje. Dy wie kritysk oer de feiligens fan iepenbier-ferfierspersoniel. Fan de 15 grutte iepenbier-ferfiersbedriuwen ha mar trije har saken op oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)