Brân by bedriuw Nijbrêge

29 des 2006 - 14:42

Yn Nijbrêge hat freed brân west by in jachtservice-bedriuw. De brân wie yn in loads en is nei alle gedachten ûntstien troch in nije lasynstallaasje. De korpsen fan it Hearrenfean en Tjalbert hiene it fjoer gau út. Net ien rekke ferwûne.

De skea rint neffens de eigner yn de tonnen. Yn de loads stiene trije skippen. By de brân is asbest frijkaam. Omwenners wurde op de hichte steld fan de asbestfersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)