Mear fûgels opfongen yn Oerterp

De Fûgelhelling yn Oerterp hat dit jier hast 2500 fûgels opfongen. Dat is in rekord yn it 31-jierrich bestean fan it fangsintrum. Gewoanwei wurde in lytse 2000 fûgels opfongen. Der binne 93 ferskillende soarten binnenkaam. Dat binne goed tsien mear as oars.
Foaral troch it waarme waar binne mear fûgels nei de opfang brocht. En dat kostet wer mear jild. Om mear jild binnen te krijen, sil de Fûgelhelling yn 2007 op syk nei sponsors.