Minder fjoerpylken ferkocht

Fjoerpylken binne dit jier minder populêr fjoerwurk. Dat komt om't der net sok moai waar ferwachte wurdt. Dat wie ferline jier ek al sa. Dat seit Peter_Veneboer dy't fjoerwurk yn syn winkel yn Drachten ferkeapet.
De ferkeap fan fjoerwurk is tongersdei út_ein_set en no al wurdt der lanlik in rekordomset melden. By Veneboer wie der noch gjin rekordomset, mar dat kin benammen de lêste ferkeapdei noch wol feroarje.