Drok jier foar jachthaven Skylge

29 des 2006 - 10:06

De jachthaven op Skylge hat it ôfrûne jier in rekord oan oernachtingen hân. Oant no ta wie 2003 it topjier mei goed 30.388 oernachtingen. No stiet de teller al op 30.420. En dat oantal kin noch tanimme want it jier is noch net foarby.

Benammen Oerol en in goede simmer luts in soad minsken mei de boat nei it Waadeilân. De hjerstfakânsje wie net sa drok, mar yn de krystfakânsje wie der wer mear belangstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)