Plysje ropt tsjûgen brân op

29 des 2006 - 09:56

De plysje hopet freed noch nije tips binnen te krijen oer de brân op It Hearrenfan. Oan it Breedpad baarnden woansdeitenacht in oantal gebouwen ôf.

Benammen minsken dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei tusken healwei fjouweren en fjouwer oere nachts yn de buert fan it Breedpad west ha, wurde oproppen har te melden. De plysje hat tongersdei al wiidweidich ûndersyk dien nei de brân. De plysje hat oanwizingen dat de brân oanstutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)