Geitefok woe Bonfire stelle

28 des 2006 - 17:59

Aldjiersferiening De_Geitefok fan Alderberkeap hat besocht om yn Brabân in stânbyld fan Bonfire te stellen. Dat meldt Omroep_Brabant. Bonfire is it hynder wêrmei't hynsterydster Anky_van_Grunsven bekend waard en in soad prizen wûn.

De aksje om it byld nei Fryslân te bringen is mislearre, om't de plysje de minsken fan de Geitefok dwaande seach. De Geitefok woe it stânbyld fan it hynder brûke foar in Aldjiersstunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)