Nije trainer Broekster Boys

28 des 2006 - 17:41

De 48-jierrige Klaas Dykstra wurdt takom seizoen haadtrainer by Broekster Boys. Hy folget Cor Elzinga op. Klaas Dykstra hat earder fuotballe by Snits, SDS, Balk en CSL. Jouke Dantuma wurdt syn assistint. Hy hat de ôfrûne jierren ferskate jeugdteams traind.

Dykstra en Dantuma hawwe as doel om Broekster Boys wer yn de earste klasse te bringen. No komme de Boys út yn de twadde klasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)