Mear omtinken foar readbûnte kij

28 des 2006 - 17:38

Foar Fryske Readbûnte kij moat mear omtinken komme. Dat wol de stichting Readbûnt Frysk Fee. Op dit stuit rinne der yn Fryslân noch mar 250 fan dy readbûnt kij om. Dêrmei is it ras noch altyd bedrige.

Boere-organisaasjes en de Universiteit fan Wageningen soene foarop gean moatte om it tal readbûnten op te krikken. Der kin dan tocht wurde oan in promoasjekampanje ûnder lieding fan it Centrum_Genetische_Bronnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)