Ferhuzing Provinsjehûs op skema

© Omrop Fryslân
De ferhuzing fan it Provinsjehûs leit op skema. Fan ferline wike ôf wurdt it guod dat yn it gebou stiet nei de tydlike húsfesting oan de Snitsertrekwei brocht.
It provinsjehûs oan de Twibaksmerk moat hielendal leech, want it wurdt ferboud. Ferwachte wurdt dat freed al it guod oerbrocht is. Op 2 jannewaris kinne de amtners yn it ferfangende provinsjehûs oan de slach.