Mishanneling op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan 'e Gordyk is oanhâlden omdat er in doarpsgenoat mishannele hat en dêrnei mei syn auto útnaaid is. De plysje seach op de Heeracker in buske mei in soad skea. Dat buske wie fan it slachtoffer.
De fertochte koe yn deselde strjitte oanhâlden wurde. Hy is nei it plysjeburo oerbrocht. It is de plysje noch net dúdlik wat de reden wie fan de mishanneling. Dêr wurdt ûndersyk nei dien.