Fragen FNP oer tsjinstauto's

27 des 2006 - 14:44

De FNP-steatefraksje stelt fragen oan Deputearre_Steaten oer it brûken fan tsjinstauto's. De provinsje hat dêr in neiheffing fan de belestingtsjinst foar krige. De auto's binne brûkt foar bybanen dy't de deputearren en de kommissaris_fan_'e_Keninginne hawwe.

De FNP wol witte hoe't de saak krekt sit en wat it belied foar tsjinstauto's is. De partij fynt dat de gong fan saken oars net út te lizzen is oan de kiezers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)