AD: bêste oaljekoeken yn Kollum

© Omrop Fryslân
De Oliebollengigant yn Kollum hat de Fryslâns bêste oaljekoeken. Dat docht bliken út de jierlikse test fan it Algemeen_Dagblad. De Fryske kream einige mei 6.6 punten op it 23e plak. Eigner Arriaanse is dêr wiis mei, mar tinkt dochs dat smaken ferskille.
Hollandse_Gebakkraam_Venema yn Easterwâlde skoarde in 4.1 en kaam dêrmei op it 54e plak. De oaljekoeken priuwe nei tabak, wie it oardiel fan it AD oer Venema syn oaljekoeken.