Pink Records ferhuzet

27 des 2006 - 12:17

De Drachtster platemaatskippij en distributeur Pink_Records ferhuzet nei Ljouwert. It bedriuw komt yn it haadkantoar fan memmebedriuw Foreign_Media_Group. De fersprieding fan 'e cd's wurdt ferpleatst nei in grut distibúsjesintrum yn it suden fan Nederlân.

Mei de ferhuzing fan it bedriuw nei it haadkantoar komt yn Drachten in ein oan it libbenswurk fan direkteur en oprjochter Eddie Harms.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)