Mysterieuze bonke fûn op Waad

© Omrop Fryslân
By Roptasyl achterdyk is in bysûndere bonke fûn. It giet om in grut ferstiend eksimplaar. De behearder fan it gemaal Klaas_Kuiken fûn de bonke doe't er dêr mei de fûken oan 'e gong wie. Syn maat stroffele oer de bonke, dy't dúdlik al hiel lang yn it wetter lei.
De bonke is sa grut dat Kuiken gjin idee hat fan hokker bist it is. In meiwurker fan it Frysk_Natuermuseum sil dat yn jannewaris útsykje.