Topjier foar karrosserybouwer

© Omrop Fryslân
It jier 2006 wie in topjier foar ambulânsebouwer Visser Carrosserie yn Ljouwert. It bedriuw hat dit jier in rekordtal fan hûndert sike-auto's ôflevere. It giet Visser Carrosserie al it tal jierren foar de wyn. It tal boude sike-auto's is mei rûchwei in fjirde tanaam. Takom jier wurdt ferkeap yn it bûtelân noch wichtiger. Ek sil mear wurk útbestege wurde. By de karosserybouwer wurkje fyftich minsken.