Hearrenfean gjin bekerfinalist

21 mrt 2012 - 21:37

Sportklup Hearrenfean hat de wedstriid tsjin PSV yn it bekertoernoai woansdei mei 3-1 ferlern. By it skoft wie it noch 1-1 en hâlden beide ploegen elkoar aardich yn lykwicht. PSV kaam yn de 22ste minuut op foarsprong, mar Viktor Elm makke goed 10 minuten letter de lykmakker. Nei de rêst kaam PSV al gau op foarsprong en binnen in pear minuten wie it 3-1 foar PSV. De goals wiene fan Wijnaldum en Matavz. Der kamen foar Hearrenfean noch wol kânsen, mar keeper Titon fan PSV brocht hieltyd rêding foar de ploech út Eindhoven.

Yn de 80e minút kearde hy ek in penalty fan Bas Dost. PSV giet troch de winst op SC Heerenveen nei de bekerfinale op peaskesnein yn de Kuip yn Rotterdam. De tsjinstanner dêrfan wurdt tongersdei bepaald, yn de wedstriid AZ-Heracles Almelo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)