Stapper oanhâlden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Grote_Hoogstraat yn Ljouwert is moandeitemoarn in man út Ljouwert oanhâlden omdat er foar opskuor soarge yn in kafee. De man hie yn in pear bierglêzen stikken smiten en mei in barkruk goaid. Fierders bedrige er minsken yn it kafee mei in mes.
Op it stuit dat de plysje kaam, wie de man al nei in oar kafee gongen. Dêr is er oanhâlden en hy is meinommen nei it plysjeburo.