Start ynskriuwen rûnwei Garyp

21 mrt 2012 - 21:29

Oannimmers kinne ynskriuwe op de nije rûnwei om Garyp hinne. De provinsje hat dêrfoar bekend makke wêr't de dyk oan foldwaan moat. De rûnwei om Garyp is it earste ûnderdiel fan de Sintrale As dat oanbestege wurdt. It stik dyk is 3 kilometer lang en rint fan de rotonde by de Wâldwei oant en mei de nije oansluting by Sumar.

Heal maaie moat bekend wêze hokker oannimmer de oanlis dwaan mei. Dy moat dan ek it gebiet om de rûnwei hinne oanpasse. It echte wurk begjint heal juny en duorret nei alle gedachten 18 moanne.

De Sintrale As is de nije dyk fan de Wâldwei nei Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)