Ritsma noch kandidaat foar WK

24 des 2006 - 16:49

Rintsje_Ritsma is snein op Thialf nei in knappe 10 kilometer 6e wurden op it NK Allround. De earste fjouwer Kramer, Verheijen, Wennemars en Tuitert hawwe har pleatst foar it EK yn jannewaris yn Collalbo.

Wennemars hat witte litten leaver oan it WK sprint mei te dwaan. Nûmer fiif Olde_Heuvel soe syn plak dan ynnimme. Ritsma kin dan as reserve mei. Foar it WK yn febrewaris op Thialf kin Ritsma him noch pleatse fia in skate-off.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)