Sven Kramer Nederlânsk Kampioen

Sven Kramer is snein op Thialf Nederlânsk Kampioen Allround wurden. Op de lêste ôfstân, de 10 kilometer, waard er twadde yn 13.16,20 achter Carl Verheijen dy't 13.08,99 ried. Rintsje Ritsma waard fyfde yn de goeie tiid fan 13.36,67. De grutste ferrassing wie lykwols dat sprinter Erben Wennemars 8ste waard op de 10 km en 3de yn de einklassearing.
Achter Kramer waard Verheijen twadde, Tuitert fjirde en Ritsma seisde.