Sven Kramer oan de lieding op NK

23 des 2006 - 16:48

Sven Kramer giet nei de earste dei fan it NK allround reedriden riant oan de lieding. Hy skreau yn Thialf de 5000 meter op syn namme en pakte sa de lieding. Mark Tuitert stiet foarearst twad, Erben Wennemars stiet tred.

Sven Kramer is sneon as fjirde einige op de 500 meter. Op de 1500 meter, dy't snein ferriden wurdt, ferdigenet de TVM-rider in foarsprong fan 2,28 sekonden op Tuitert. Wennemars hat 2,50 sekonden efterstân op dy ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)