'Una Paloma Blanca' yn it Frysk

Lokale omrop Mercurius fan Ljouwert fierde sneon feest. Foar de tûzenste kear gong it programma 'Hitdossier' de loft yn. Tweintich jier lyn is it programma begûn om de jûnsoeren wat op te foljen mei hits út de âlde doaze.
It is no it langstrinnende programma by in lokale stjoerder yn Nederlân. As grut kado oan alle harkers is der in Fryske ferzje makke fan George_Baker syn 'Una_Paloma_Blanca'.