Opnames hynstefilm yn Warkum

Yn Warkum binne sneon opnames makke foar in film oer it Fryske hynder. 'Friese parels' giet oer de ûntwikkeling fan it Fryske hynder fan it begjin oant no ta. Foar de opnames fan in draverij út 1900 wie in part fan de winkelstrjitte ôfsletten.
It publyk fûn it prachtich, mar in soad ûndernimmers hiene gjin begryp foar de opnames op dizze lêste sneon foar Kryst. In soad klanten koene net mei de auto de stêd yn.