Grinzer ûntkent seksueel misbrûk
De 34-jierrige Grinzer dy't derfan fertocht wurdt in famke by Eastrum seksueel misbrûkt te hawwen, ûntkent. De man waard freed oanhâlden nei in tip.
De plysje tinkt dat de Grinzer it 13-jierrige famke tongersdeitemoarn oansprutsen hat en dêrnei misbrûkt. Hy waard oanhâlden yn de buert fan it plak dêr't it slimme misbrûk dy moarns plakfûn.