Frou berôve fan tas yn Ljouwert

23 des 2006 - 14:21

In ynwenster fan Ljouwert (42) is freedtemiddei op it Potmargepaad yn de haadstêd berôve fan har tas. De frou woe by de Jansoniusstrjitte ôfslaan. Ut tsjinstelde rjochting kaam in donkerkleurig scooter oanriden.

By it foarbygean waard de tas fan de frou út har fytstas stellen. Yn de reade tas siet aardich wat jild. De twa fertochten wiene klaaid yn donkere klean en hiene beide in helm op. De plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)