Fernielings yn Beetstersweach

23 des 2006 - 14:15

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon trije jonges oppakt foar fernielerij. It giet om twa jonges út Oerterp fan 14 en 15 jier en in 17-jierrige ynwenner fan Beetstersweach.

Yn dat plak soene se in plattegrûn by in tankstasjon fernield ha. Ek it boerd fan de beboude kom waard omtreaun. De trije fertochten waarden oerbrocht nei it plysjeburo fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)