Fjoerwurk ôfstutsen yn tinte

23 des 2006 - 14:13

In 20-jierrige ynwenner fan Stynsgea hat ôfrûne nacht foar grutte panyk soarge yn in feesttinte yn Droegeham. Yn de tinte wiene sa'n 400 minsken oanwêzich doe't de man swier fjoerwurk begûn ôf te stekken.

Doe't er de tinte wer útrûn, mishannele er ek noch twa minsken. Bûten smiet er noch fjoerwurk yn in blombak. De man sit noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)