Dvd oer boer Sibbele Hietkamp

Boer Sibbele_Hietkamp ferstoar twa jier lyn op 87-jierrige leeftyd. It wie in bysûnder en eigensinnich minsk. As earbetoan is der no in dvd útkaam oer Hietkamp, makke troch amateur-filmer Dick Martens fan Twizel.
Boer Hietkamp fan Kollumersweach stie bekend as de lêste frije boer fan Fryslân. In pear jier foar syn dea waard Hietkamp oerfallen yn syn pleats, dêrnei waard er nea wer de âlde.