Sven Kramer fjird op 500 meter

23 des 2006 - 12:56

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is sneon by it NK allround yn Thialf fjirde wurden op de 500 meter. Syn tiid wie 36,55. Dêrmei hat er syn persoanlik rekord ferbettere. Erben Wennemars waard earste op dizze ôfstân yn in tiid fan 35,92.

Mark Tuitert waard twad yn 36,31 en Sjoerd de Vries tred yn in tiid fan 36,50. De bêste fjouwer fan it NK pleatse har foar de Europeeske titelstriid yn Collalbo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)