Belestingclaim tsjinstauto's

De provinsje moat ta de bûse foar de tsjinstauto's. De belestingtsjinst hat in neiheffing stjoerd oer de perioade 2001-2005. Neffens de tsjinst ha de deputearren en kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels de auto's ûnterjochte brûkt.
De provinsje seit dat de tsjinstauto's net privee brûkt binne. Neffens foarsitter Kramer fan de FNP wurdt de provinsjale polityk yn diskredyt brocht troch de belestingclaim.