Marieke Wijsman hâldt der mei op

22 des 2006 - 19:27

Reedrydster Marieke_Wijsman fan It_Hearrenfean hâldt der mei op. Se wol har folslein rjochtsje op har oplieding by de plysje. Marieke hat sûnt 1997 riden op alle grutte toernoaien, mei dêrûnder twa Olympyske Spullen.

Har reedrydkarriêre hie hichte- en djiptepunten. Sa krige se yn 2001 in skedelbasisfraktuer en siet se ferskate seizoenen sûnder in ploech. Dit seizoen trainde se mei Frouke_Oonk en Chris_Witty.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)