Jong-A-Pin debutant Hearrenfean
Troch ferskate blessueres sil Calvin Jong-A-Pin by SC Hearrenfean sneon yn 'e basis debutearje tsjin Excelsior. Jong-A-Pin sil op de linksback posysje spylje. Hy hat syn debút te tankjen oan in blessueregolf.
Trener Gert-Jan Verbeek kin net beskikke oer Petter Hansson, Paul Bosvelt, Jeroen Drost, Niklas Tarvajärvi en Ugur Yildirim. Thomas Prager is skorst troch syn reade kaart tsjin FC Twente.