Priis foar ûndersyk selsmoard
Twa wittenskippers út Fryslân en Grinslân hawwe in priis foar ûndersyk nei selsmoard wûn. It giet om de Yvonne van de Ven Priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt. Winners Jos de Keijser en Marieke de Groot binne klinysk psycholooch by de GGZ Fryslân ûndersykster yn it UMC Grins.
Beide ûndersiker hawwe harren rjochte op de neibesteanden. De priis waard dit jier foar de fjirde kear útrikt en bestiet út in bedrach fan 1750 euro.