Bakkerstruck klem ûnder fiadukt

22 des 2006 - 11:16

In frachtwein fan in bakker út Emmeloord hat tongersdeitejûn oeren klem sitten ûnder it fiadukt ûnder de A32 by Akkrum. De sjauffeur hie it boerd mei dêrop de maksimale hichte fan 3.30 meter oer de holle sjoen en ried troch.

Bergers hiene der grutte muoite mei de frachtauto los te krijen. De sjauffeur kaam skrik frij. De dyk hat in skoft ôfsletten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)