Slaanderij yn Doelestege

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn betiid yn Ljouwert in 38-jierrige man út Gytsjerk oppakt op fertinking fan mishanneling. Yn de Oude_Doelesteeg wiene meardere minsken mei elkoar slaande deilis rekke. De plysje koe de fjochtersbazen kwalik útelkoar krije.
Twa 20-jierrige Ljouwerters en in 20-jierrige ynwenner fan Burgum hawwe oanjefte dien fan de mishanneling. Ien fan harren wiisde de man út Gytsjerk oan as dieder.