Ynsprektermyn ôffaloven ferlingd

22 des 2006 - 10:59

Omwenners fan de nije ôffalferbaarner yn Harns kinne noch wat langer har miening jaan oer de komst fan 'e oven. De ynspraaktermyn is ferlingd fan 27 desimber nei 22 jannewaris, sa hat de provinsje besletten. Der kin no ek noch reagearre wurde nei de twadde ynformaasjejûn oer de ferbaarnynstallaasje. Dy is op 18 jannewaris en wurdt holden troch Omrin, de ynisjatyfnimmer foar de bou fan de oven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)