Swierferwûne yn Kollumersweach

22 des 2006 - 10:46

In frou út Grins (23) is tongersdei slim ferwûne rekke by in frontale botsing op de Foarwei yn Kollumersweach. In man (27) út dat plak woe op in dykfersmelling noch krekt foar de auto fan de frou del. Dat koe net en in botsing wie it gefolch.

De brânwacht moast de frou befrije. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Kollumersweager kaam mei de skrik frij. Hy hie te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)